Nijs

4 oktober 2022. De kap leit op in frachtwein en wurdt nei de mûnepôle brocht.

Allegearre foto's binne makke troch Floriske Gerritsma, tige tank.

 

Tongersdei 7 july 2022

De Volharding wurdt wer reparearre troch bouwer Kolthof út Stiens.

krektfwaait.jpgdenijekop.jpgnijekammen.jpg

Moandei 27 maaie 2019
De pôle meand. De kap en it halslager smard, it kruide in stik lichter. De mûne draaide sûnder seilen. De wâlbeskoeiing wie fernijd, mar it beton fan 'e Útskoat stikken. Yn 'e kap sieten 2 dowe jongen en seagen my eangstich oan. Der neist lei de âlde dow, dea en útfretten. Ik wit net dat de beide jongen dat oerlibje sille.
20190527_143038-1.jpg20190527_173948-1.jpg
20190527_173836-1.jpg
Hjoed 19 febrwaris 2019 in stik skriuwen fûn yn ´e Útskoat fan maart 1983:
Ofskie fan m0nder L. M. de Vries. De hear L.M. de Vries, Burdaard, hat de winsk te kennen jûn om op te hâlden mei mûnder te wèzen op de mole "De Volharding" by Jislum. Dit fanwegen syn hege leeftiid. lt doel is dat syn soan De Vries opfolgie sil. Dér binne wy tige bliid mei. De relaasje mei boer De Vries fan Groot Hickaard, wèr't de mole lang by hearde, hat altiten tige goed west .Doe't de mole yn eigendom oergongen wie nei De Fryske Mole waard op him post ol hearde er noch by de pleats. Dér tankje wy de famylie De Vries tige foar. L.M. de Vries krige in jier of wat ferlyn it sertifikaat fan fertsiinste útrikt yn de grutte jiergearkomste fan de Hollandsche Molen te Amsterdam.Wol fertsjinne ! A.B.
 
21 september 2018 meald, wyn 5 oan 6 en soms 7, goed foar de mûne om wer efkes te meallen.
20180921_142520.jpg
 
14 septimber 2018 de mûne draaie litte foar de gelegenheid fan it feest fan Sybe Terpstra.
20180914_202221.jpg
De gasten fan Sybe kamen nei de mûne ta mei de elektryske sloep farrende en waarden mei de auto werom riden.
20180914_173927.jpg
20180914_182656.jpg
By de mûne wiene se op syk nei de Boargemaster en it jier fan restauraasje.
Yn de mûne fan Jislum sit gjin Boargemaster balke, de mûne is dêrfoar te lyts. Restauraasjes wiene yn 1972, 1994 en 2000.
De pôle wêr meand, it gers stie wer heech.
De seilen en buorden yn 'e wjukken set en ophongen. Der wie gjin genôch wyn om te draaien.
 
21 juny 2018 de pôle meand. It gers stie in meter heech. Hurde NW wyn en 16 graden.
10-DeVolharding21juny2018.jpg
Wat bringt 2018 yn elk gefal LF2018 en moai waar en in protte wyn.
 
Yn 2017 noch 3 kear de pôle meand, it bleaun groeien.
Freed 28 july 2017 meald en de pôle meand.
WP_20170728_13_25_50_Pro.jpg 
https://youtu.be/s3c648ypq6I De Volharding fljocht der oer sa'n wyn.
https://youtu.be/YYX2rmxcBZs It wetter streamt nei de mûne ta by 't meallen.
 
De kij wachtsje by de daam op melkerstiid.WP_20170728_15_03_48_Pro.jpg
 
Woansdei 7 juny 2017 meald. De tûken út 'e mûne smiten. It wie al wer in hiele bult.
WP_20170607_16_06_59_Pro-1.jpg
 
Freed 2 juny 2017 de pôle meand.
It gers stie boppe de kruipeallen, sa lang wie it. Yn 'e mûne fan ôf de earste souder en hast oan 'e asrêd ta allegearre tûken. Foar de twadde kear dit jier. Op de fangbalke ek in nêst.
Doe ik de brod der weihelle kamen 3 aaien my temjitte fallen.
WP_20170602_13_37_55_Pro-1.jpg
WP_20170602_13_17_14_Pro-1.jpg
WP_20170602_15_34_36_Pro-1.jpg
 
Woansdei 19 april 2017 de pôle meand.
Moandei 6 desimber brân-blusser kontrôle. Nei Burdaard brocht en op 9 desimber werom nei de mûne ta.
Freed 24 septimber 2016 de pôle meand en efkes draait.
 
Woansdei 7 septimber 2016 de pôle meand en draait, bytsje wyn.
WP_20160907_17_56_57_Pro-1.jpg
 
Tiisdei 14 juny 2016 de pôle meand en draait, net folle wyn.
WP_20160519_15_19_33_Pro-2.jpg
 
Tiisdei 25 augustus  2015.
De mûne pôle meand en 4 1/2 oere draait en meald. In wynkrêft 5 en 22 gr. selsius en mei 2 heale seilen.
DSC00071.jpg

 
Yn 'e foartún fan de âlde boer stiet de lytse Volharding. DSC00088-4.jpg
 
20 july 2015 pôle meand en meald.
WP_20150720_14_27_02_Pro.jpg
 
19 juny 2015 pôle meand en de fûgels binne útflein.
WP_20150619_15_21_50_Pro.jpg
 
15 maaie 2015 pôle meand en der sitte no 3 pikjes yn 't nêst.
WP_20150515_16_59_30_Pro.jpg
 

Moandei 27 april 2015. De pôle meand en 3 oeren draaid.

Der bried in fûgel yn 'e mûne by de fangstôk.

WP_20150427_14_47_55_Pro.jpg
 
Woansdei 23 july 2014.
De pôle meand en 4 oeren meald.
Waarm waar, lein te sinnebaaien.
https://youtu.be/bvL3VhiQAhE De mûne hat dizze dei meald.
 
Tongersdei 26 juny 2014
Pôle meand. De kij stean te wachtsjen oan 't se molken wurde moatte.
Nijsgjirrige ky-2
-
Sneon 12 april 2014
Pôle meand en in Liderke plante. Tûken fan in fûgel út de mûne smiten.
   
 
Tongersdei 20-maart 2014
De meanmasine is werom fan reparaasje.
De masine slacht no lyk wer oan en meand it gers no in stik makliker.
-
Woensdei 4 febrewaris 2014
Meald op de mûne en ek wer de hûn mei naam.
De wyn is wol wat mei-, dan wer hurd en dan wer fallen.
Dreech, wat foar seilen set ik der foar?
4 folle seilen, fleane mûne.
2 folle en 2 heale dan stiet de mûne stil.
 
Freed 31 jannewaris 2014
Meald op de mûne mei de hûn as besiker. Dizze hûn is deagien ein 2017.

 
Woansdei 22 jannewaris 2014
Underhâld kontrôle dien troch Kolthof en DeFryskeMole.
De wâlbeskoeiïng tochtsleat is tige min. De doar byskave, dizze klammet troch it wiete waar. De walen ferbetterje en op eltse board der ien waal by sette.
 
Sneon 18 jannewaris 2014
De hals-lager en de boppeste taffelemint smard.
It kruien giet noch altiten like swier.
Dat holp wol de wjukken draaiden in skoftke, mar de wyn gie der út.
Ien fan fêste boarden siet los en wie nei boppen skoud.
De walen binne te skean ôf beitele en sette it board net fêst.
It board mei in skroef fêst setten.
Tiisdei 21 jannewaris mar efkes mei de mûne-bouwers dêr oer prate.
Sy komme foar jierlikse skou fan 'e mûne.
   
Sneon 11 jannewaris 2014
Wânswert en de Volharding.
 
p1020764.large.jpg
 
p1020765.large.jpg
Mealle, by wynkreft 4, mar dan stiet de bourkerij der foar.
De wyn twirre der omhinne, dan wer súd en dan wer east.
    
Sneon 4 jannewaris 2014
De rein fan 'e lêste wiken hat de doar wider makke en klammet no.
De doar mei de kowe-izer iepen krigen.
 
p1020768.large.jpg

 

Freed 3 jannewaris 2014

De doar woe net iepen, werom nei hûs.
Moarn mei kowe-izer (koevoet) besykje iepen te krijen.

  

Tongersdei 31 oktober 2013.

p1020564.large.jpg
Nei de stoarm de mûne besjoen.
Neat stikken of der ôfwaait.
  

 Tongersdei 3 oktober 2013.

De mûnepôle meand en it reid snijt.
Wat in wurk, spitich dat it moat. Hjir hâld ik net fan.
Ik wol mealle. Hjir hâld ik fan.
 

 

Sneon 14 septimber 2013

De molendag was nat en met 3 bezoekers zeer geslaagd.
De wind draaide van zuid naar noord in 5 minuten en nam toe, dus malen.
Friesemolendag op zaterdag 14 september 2013.
Van 10.00-17.00 uur is de molen te bezichtigen.
Langs de weg parkeren, NIET bij de boerderij A.U.B.!
 
Trije besikers, wêrûnder de âld mûnder Lootsma en de boerinne mei de lytse jonge.
 
Fryskemûnedei op sneon 14 septimber.
De mûne is iepen fan 10 oere moarns oant 5 oere middeis.
Lâns de dyk de auto delsette, NET by de buorkerij.
 

28 augustus 2013

It gers groeit mar troch en de meanmasine wol min oanslaan.
De meanmasine reparearje litte.
In skjirre kocht om it reid der ôf te knippen.
Dizze simmer net folle meald, der is net in soart wyn.
By ien fan 'e lêste kearen yn 'e feart swommen.
Der stiet in meter wetter en 60 sm drek.
 

11 july 2013

By it meanen fan 'e pôle falt de mûnder yn 'e sleat en kin de meanmasine op 'e wâl hâlde. De mûne-doop fan in mûnder is wer west.
De wiete klean te droegje hingje oan 'e wjukken.
p1020356.large.jpg
 

10 july 2013

De mûne is wer rea om te meallen, de wetterlisten binne fernijd.
In nije flonder op 'e útskoat.
Mar no is de wyn net genôch foar de skoef, dan draaie,
Wat is it wer moai!

 

16 maaie 2013

Meitsjen fan de stikken wetterlisten troch Kolthof Stiens.

 

30 april 2013

Draait mei de Fryske flagjes.

 

17 maart 2013

Ien fan 'e trije fonders fan 'e Útskoat is fuort.
In 'e winter wei wurden. Ik bin de feart lâns west en hekkele.
Noch net fûn.

 

23 desimber 2012

p1020030.large.jpg

Alle mûnders goeie krystdagen tawinske.
Alle molenaars, waar ook ter wereld, een mooie kerst gewenst!

 

25 novimber 2012

Hjoed komt de stoarm der oan:

stoarm.large.jpg

 

 

5 novimber 2012

De mûnder op 'e mûne wie Johan Nooi
5-de-volharding.large.jpg
 
en is op 5 novimber 2012 oernommen troch Johannes Rozenga.
johannes-100.large.jpg
As der wyn is sil hy besykje wykliks te meallen.

Maak jouw eigen website met JouwWeb