Moandei 27 maaie 2019
De pôle meand. De kap en it halslager smard, it kruide in stik lichter. De mûne draaide sûnder seilen. De wâlbeskoeiing wie fernijd, mar it beton fan 'e Útskoat stikken. Yn 'e kap sieten 2 dowe jongen en seagen my eangstich oan. Der neist lei de âlde dow, dea en útfretten. Ik wit net dat de beide jongen dat oerlibje sille.
Hjoed 19 febrwaris 2019 in stik skriuwen fûn yn ´e Útskoat fan maart 1983:
Ofskie fan m0nder L. M. de Vries. De hear L.M. de Vries, Burdaard, hat de winsk te kennen jûn om op te hâlden mei mûnder te wèzen op de mole "De Volharding" by Jislum. Dit fanwegen syn hege leeftiid. lt doel is dat syn soan De Vries opfolgie sil. Dér binne wy tige bliid mei. De relaasje mei boer De Vries fan Groot Hickaard, wèr't de mole lang by hearde, hat altiten tige goed west .Doe't de mole yn eigendom oergongen wie nei De Fryske Mole waard op him post ol hearde er noch by de pleats. Dér tankje wy de famylie De Vries tige foar. L.M. de Vries krige in jier of wat ferlyn it sertifikaat fan fertsiinste útrikt yn de grutte jiergearkomste fan de Hollandsche Molen te Amsterdam.Wol fertsjinne ! A.B.
21 september 2018 meald, wyn 5 oan 6 en soms 7, goed foar de mûne om wer efkes te meallen.
14 septimber 2018 de mûne draaie litte foar de gelegenheid fan it feest fan Sybe Terpstra.
De gasten fan Sybe kamen nei de mûne ta mei de elektryske sloep farrende en waarden mei de auto werom riden.
By de mûne wiene se op syk nei de Boargemaster en it jier fan restauraasje.
Yn de mûne fan Jislum sit gjin Boargemaster balke, de mûne is dêrfoar te lyts. Restauraasjes wiene yn 1972, 1994 en 2000.
De pôle wêr meand, it gers stie wer heech.
De seilen en buorden yn 'e wjukken set en ophongen. Der wie gjin genôch wyn om te draaien.
21 juny 2018 de pôle meand. It gers stie in meter heech. Hurde NW wyn en 16 graden.
Wat bringt 2018 yn elk gefal LF2018 en moai waar en in protte wyn.
Yn 2017 noch 3 kear de pôle meand, it bleaun groeien.
Freed 28 july 2017 meald en de pôle meand.
De kij wachtsje by de daam op melkerstiid.
Woansdei 7 juny 2017 meald. De tûken út 'e mûne smiten. It wie al wer in hiele bult.
Freed 2 juny 2017 de pôle meand.
It gers stie boppe de kruipeallen, sa lang wie it. Yn 'e mûne fan ôf de earste souder en hast oan 'e asrêd ta allegearre tûken. Foar de twadde kear dit jier. Op de fangbalke ek in nêst.
Doe ik de brod der weihelle kamen 3 aaien my temjitte fallen.
Woansdei 19 april 2017 de pôle meand.
Moandei 6 desimber brân-blusser kontrôle. Nei Burdaard brocht en op 9 desimber werom nei de mûne ta.
Freed 24 septimber 2016 de pôle meand en efkes draait.
Woansdei 7 septimber 2016 de pôle meand en draait, bytsje wyn.
Tiisdei 14 juny 2016 de pôle meand en draait, net folle wyn.
Tiisdei 25 augustus 2015.
De mûne pôle meand en 4 1/2 oere draait en meald. In wynkrêft 5 en 22 gr. selsius en mei 2 heale seilen.
Yn 'e foartún fan de âlde boer stiet de lytse Volharding. 
20 july 2015 pôle meand en meald.
19 juny 2015 pôle meand en de fûgels binne útflein.
15 maaie 2015 pôle meand en der sitte no 3 pikjes yn 't nêst.
Moandei 27 april 2015. De pôle meand en 3 oeren draaid.
Der bried in fûgel yn 'e mûne by de fangstôk.
Woansdei 23 july 2014.
De pôle meand en 4 oeren meald.
Waarm waar, lein te sinnebaaien.
Tongersdei 26 juny 2014
Pôle meand. De kij stean te wachtsjen oan 't se molken wurde moatte.
-
Sneon 12 april 2014
Pôle meand en in Liderke plante. Tûken fan in fûgel út de mûne smiten.
Tongersdei 20-maart 2014
De meanmasine is werom fan reparaasje.
De masine slacht no lyk wer oan en meand it gers no in stik makliker.
-
Woensdei 4 febrewaris 2014
Meald op de mûne en ek wer de hûn mei naam.
De wyn is wol wat mei-, dan wer hurd en dan wer fallen.
Dreech, wat foar seilen set ik der foar?
4 folle seilen, fleane mûne.
2 folle en 2 heale dan stiet de mûne stil.
Freed 31 jannewaris 2014
Meald op de mûne mei de hûn as besiker. Dizze hûn is deagien ein 2017.
Woansdei 22 jannewaris 2014
Underhâld kontrôle dien troch Kolthof en DeFryskeMole.
De wâlbeskoeiïng tochtsleat is tige min. De doar byskave, dizze klammet troch it wiete waar. De walen ferbetterje en op eltse board der ien waal by sette.
Sneon 18 jannewaris 2014
De hals-lager en de boppeste taffelemint smard.
It kruien giet noch altiten like swier.
Dat holp wol de wjukken draaiden in skoftke, mar de wyn gie der út.
Ien fan fêste boarden siet los en wie nei boppen skoud.
De walen binne te skean ôf beitele en sette it board net fêst.
It board mei in skroef fêst setten.
Tiisdei 21 jannewaris mar efkes mei de mûne-bouwers dêr oer prate.
Sy komme foar jierlikse skou fan 'e mûne.
Wânswert en de Volharding.